Fisy en Missy
Fisy
Troch ús tige sosjale belied en it ûntwikkeljen fan kennis fan de meiwurkers stiet de tsjinstferliening op in kwalitatyf heechweardich nivo. Dêrby binne ûnderwerpen as betrouberens, ynlibbingsfermogen, profesjonaliteit, ferbale krêftigens, yntegriteit en fleksibiliteit foar ús fan tapassing. Dêrmei jouwe wy in ekstra taheakke wearde oan ús maatskiplike ferantwurdlikens.
Us missy
Wy leverje konkurrearjende en betroubere tsjinsten dy't ús saaklike en partikuliere klanten foardiel opleverje. As yntegrearre tsjinsteleveransier binne wy súksesfol troch lokaal en nasjonaal ús krêften te bondeljen en dêrtroch kinne wy sawol ús ynterne as eksterne ideeën yn 'e praktyk bringe. It resultaat dêrfan is in treflike mearwearde foar ús brânzje mei poerbêste foarútsichten foar ús relaasjes en meiwurkers.
Us wearden
Om ús missy te ferfoljen en ús fisy te realisearjen, sette wy ús mienskiplik yn foar de neikommende wearden:
* Yntegriteit
* Diskreesje
* Iepenheid
* Bertrouwen en respekt fan wjerskanten
* Moed
* Maatskiplike ferantwurdlikens
Alle meiwurkers fan Poortvliet Veiligheidsdiensten kinne oangeande har gedrach en ús wearden oansprutsen wurde.
Ambysje Poortvliet Veiligheidsdiensten
Poortvliet Veiligheidsdiensten is in betroubere leveransier dy't op in hurd feroarjende merk wit yn te spyljen en har tsjinsten tsjin in kompetitive kostpriis wit te leverjen.
Feiligens stiet foarop yn ús tinken en ús wurkomjouwing wurdt as iepen en stimulearjend ûnderfûn. Wy nimme ús maatskiplike ferantwurdlikens troch te ynvestearjen yn duorsume tapassings lykas it foarkommen fan ûnnedich pepierferbrûk, sa stjoere wy û.o. ús klanten digitale offertes, fakturearje en korrespondearje wy mei ús meiwurkers fia email. Us meiwurkers wurde beleanne en stimulearre troch gebrûk te meitsjen fan it iepenbier ferfier.


