Maatskiplike ferantwurdlikens
As feilichheidstsjinstebedriuw binne wy ús bewust fan ús ferantwurdlikens nei de maatskippij en de brânzje. Oeral dêr't wy aktyf binne, wolle wy bydrage oan ferbettering fan 'e leefberens.
Feilige arbeidsomstannichheden foar de beskerming fan ús meiwurkers, klanten en de bûtenwrâld binne foar ús fan grut belang.
Iepenheid en goede gearwurking meie har net beheine ta de eigen organisaasje. Poortvliet Veiligheidsdiensten ûnderstreket it belang fan goede ferhâldings mei eksterne relaasjes, Plysje, Justysje, Gemeenten, Brânwacht, Sûnenssoarch en eveneminteorganisaasjes.
Foarbyld
Nije wurkwize oangeande befeiliging.
Poortvliet Veiligheidsdiensten hat syn meiwurkers selektearre op har ferbale krêft en krektens fan wurkwize nei ús klanten ta en de maatskippij. Dêrby rekkenje wy ôf mei it matige imago fan de befeiligingsbrânzje yn syn gehiel. Troch ús kwaliteit te waarboargjen hawwe wy binnen Poortvliet veiligheidsdiensten in kompetysje foar it bêst prestearde team! It team dat it bêste resultaat behellet, oan de hân fan de troch ús bedriuw opstelde en toetste kearnwearden, fertsjinnet dêrmei in “ferrassingsútsje”!!


