In het Nederlands  In het Fries 

Subsydzje-/stimulearringsregeling VKB 2010

Dizze stimulearringsregeling is ynsteld om de feiligens te fergrutsjen by jo ûndernimming. De betingsten foar de subsydzjeregeling binne maksimaal 10 fulltime meiwurkers en net mear as 5 fêstigings. De regeling 2010 bedraacht in maksimale subsydzje fan € 1.000 ynklusyf de feilichheidsscan fan € 300  (mei in eigen bydrage fan €50). De maksimale subsydzje foar de feilichheidsmaatregels bedraacht € 700 per ûndernimmer.

De proseduere is lykas folget

1. Oanfraach

Jo kinne elektroanysk oanfreegje, dat kinne jo dwaan fia de webside www.veiligheidkleinebedrijven.nl.
It is ek mooglik om oer de post in oanfraach te dwaan. Jo krije yn beide gefallen in beskikking(takenning) mits dat der oan de betingsten foldien is.

2. Feilichheidsscan

In befeiligingsscan jout in dúdlik oersjoch fan 'e maatregels dy't de feiligens foar in ûndernimmer fergrutsje sille. Dat feilichheidsadvys is opboud út trije haadûnderdielen:

  • Organisatoaryske maatregels
  • Boukundige maatregels
  • Elektroanyske maatregels

Dy befeiligingsscan moat opsteld wêze troch in ûnôfhinklike  en erkende feilichheidsadviseur (sjoch http://www.senternovem.nl/veiligheidkleinebedrijven/lijst_adviseurs_vkb/index.asp ).

3. Dêrnei it realisearjen fan de feilichheidsmaatregels binnen seis moanne

Nei ûntfangst fan 'e beskikking moatte de feilichheidsmaatregels binnen seis moanne realisearre wurde.

4. Ta beslút, it deklarearjen fan 'e kosten

Sadree't de maatregels realisearre binne kinne de kosten deklarearre wurde. It fêststellingsformulier is op te heljen fia de webside www.veiligheidkleinebedrijven.nl.

Poortvliet Veiligheidsdiensten begeliedt jo; fan oanfraach oant deklaraasje!

Fierder is Poortvliet Veiligheidsdiensten ûnôfhinklik en net belutsen by it leverjen fan tsjinsten net direkt, yndirekt of op in oare wize.