In het Nederlands  In het Fries 

Trening

Striidberenstrening tsjin ferbaal, non-ferbaal & fysyk geweld:

Dizze striidberenstrening is spesjaal ûntwikkele foar bedriuwen en ynstellings dy't har warre wolle tsjin ferbaal, non-ferbaal en fysyk geweld. Dêrby sil yngongen wurde op it minsklik gedrach en gedragingen, reden foar geweld, it foarkommen fan geweld en it jin warren tsjin fysyk geweld. Troch dy trening sille jo meiwurkers har better warre kinne tsjin al it mooglike geweld dêr't sy mei te meitsjen krije kinne yn har deistige wurksumheden.

De doelstelling en de tapaslikheid fan dizze trening is dat jo meiwurkers har rêstich, wis en selsfersekere (fer)warre kinne. Dêrtroch sil it rendemint en produktiviteit fan jo en jo meiwurkers heger wêze en de trening sil mooglik it syktefersom wat werombringe.

Striidberenstrening tsjin oerfal:

De striidberenstrening tsjin oerfal is spesjaal ûntwikkele foar bedriuwen en ynstellings dy't alle dagen it risiko rinne op in oerfal. Troch dy trening leare wy jo en jo meiwurkers har te warren en hoe te hanneljen yn sa'n situaasje. Dêrby meitsje wy gebrûk fan in tal oerfalanalyzes wêrtroch in folslein en yn- en oersichtlik byld ûntstiet oer hoe te hanneljen. De mearwearde dêrfan is dat jo meiwurkers harren wis, selsfersekere, rêstich en striidber fiele yn it gefal fan in oerfalssituaasje, mar ek yn de deistige útfiering fan har wurksumheden.